Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ050816

Een sage (mondeling), maandag 18 november 1968

Hoofdtekst

Yn Aldegea stiet in hûs, dêr stienen froeger trije greate linebeammen foar. Dy hienen har tûken oer de hiele wei hinne. Dêr wenne in skuonbaes yn dat hûs en dêr wie ek sliterij.
Gâns boeren stieken dêr simmerdeis oan. Der stien krêbben foar de hynders foar de muorre. Hylke Bakker wenne dêr.
Mar earder wenne dêr Theunis Harms Veenstra. Dy wie feanbaes en dy hat gâns lân forgroeven. Op in kear moest er nei Ljouwert ta. Hy koe gâns jild ophelje.
Op 'e weromreis wie 't donker. Hy hie in sekfol jild op 'e rêch. Hy wie sahwat oan 'e Foanejacht ta. Dêr wie doe noch net in brêge. (De boeren dy't op 'e Stoeken wêze moesten, rieden dêr altyd troch 't wetter mei hynder en wein.)
Doe't Theunis safier wie hearde er guon oankommen. Hy tocht: "Soenen dat ek guon wêze kinne dy't it op myn jild munte ha?" Hy nom it wisse foar it ûnwisse en krûpte ûnder in omkeard boatsje, dat dêr oan 'e kant op 'e wâl lei.
De twa man kommen àl tichter by. En doe gongen se togearre op it boatsje sitten.
"Soed er hast komme?" hearde er har sizzen.
Sy bleauwen in skoft sitten, mar op't lêst forfeelde it har. Sy seinen: "Wy geane mar de kant nei Warten út, dan komme wy him fansels tomjitte."
Doe't se goed en wol fuort wienen krûpte de feanbaes ûnder it boatsje wei en sette hurd op Aldegea yn. Hy kom bihâlden mei 't jild thús.

Onderwerp

VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot    VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   

Beschrijving

Een man is in het donker met een grote zak geld op zijn rug op weg naar huis. Als hij mensen hoort naderen, is hij bang dat ze het op zijn geld gemunt hebben. Snel verbergt de man zich onder een omgekeerd bootje. Twee mannen gaan bovenop het bootje zitten. Uit het gesprek maakt de man onder de boot op dat ze hem opwachten. Als de twee mannen uit verveling uiteindelijk weer opstappen, spoedt de man onder de boot zich snel naar huis. Hij komt veilig thuis.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 508, verhaal 16 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

18 november 1968
De man onder de omgekeerde boot

Naam Overig in Tekst

Hylke Bakker    Hylke Bakker   

Theunis Harms Veenstra    Theunis Harms Veenstra   

Foanejacht    Foanejacht   

Stoeken    Stoeken   

Theunis    Theunis   

Naam Locatie in Tekst

Aldegea    Aldegea   

Ljouwert    Ljouwert   

Warten    Warten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21