Hoofdtekst
As bern wienen wy spookbinaud foar Piter Scheper. Piter Scheper hie in arbeider, dy wenne hjir achterút. 't Wie Hindrik de Wit. Dy hie in bigge. Dy bigge hie setten.
Op in moarn kom Hindrik by Piter Scheper, doe sei Piter:
"Hwat bist let."
"Ja," sei Hindrik, "ik ha sa'n moaije bigge. Dy die 't sa bêst. En nòu wòl 't net mear. Hy hat al trije dagen setten."
"Soa", sei Piter.
"Kom mar mei," sei Piter even letter, "'k ha noch in hoekje branje by jimmes, dêr matte wy mar ris hinne. 'k Sil ek even by dyn bigge sjen."
"Goed", sei Hindrik.
Piter nei 't hok ta. Hy sei tsjin it wiif fan Hindrik de Wit:
"Helje my hwat wetter út 'e put."
Doe hie er 't nei de bigge tabrocht en sein: "Sjesa jonge, 'k sil dy hwat lekker drinken jaen."
De bigge wie oerein sprong en bigong to drinken. Hy wie mei-iens genezen west.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Een arbeider heeft een big die aan toevallen lijdt. Zijn baas - tevens wonderdokter - geneest de big.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 514, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
4 november 1968
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Piter Scheper   
Hindrik de Wit   
Piter   
Hindrik   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21