Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ051501

Een sage (mondeling), donderdag 07 november 1968

Hoofdtekst

Doe't beppe tige min wie ha se dêrby wekke. Beppe hie de kanker. Tidens it wekjen wie der op in nacht yn 't bûthús in gerattel fan jewelste en 't wie krekt as foel der hwat. Doe't se der hinne gongen to sjen wie der neat. In skoftsje letter stoar beppe. Mem en Mink-muoi en noch ien wienen der by. Dy ha har ôflein en biklaeid. Lytse Syberen wie timmerman, dy hie de kiste makke.
Doe't alles klear wie woarde de kiste brocht. It lid fan 'e kiste woarde om 'e hoeke fan 'e keamersdoar set. Minkmuoi giet út 'e keamer, sy stroffelt oer it lid fan 'e kiste en falt der yn. Hja rekke fan har stokje.
't Wie 't selde lûd dat wy doe hearden as in joune of trije fan tofoaren. Dat hie in foarboade west.

Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Er wordt gewaakt bij een doodzieke vrouw. Plotseling zijn er 's nachts in het buitenhuis geluiden te horen alsof er iets valt. In het buitenhuis is echter niets te zien. Als de vrouw kort daarop sterft, maakt de timmerman een doodskist. Als een andere vrouw over de kist struikelt, is hetzelfde geluid te horen als eerder tijdens het waken gehoord werd. Het is een voorbode geweest.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 515, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

7 november 1968
Vorbedeutung anderer Ereignisse

Naam Overig in Tekst

Lytse Syberen    Lytse Syberen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21