Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ051911

Een sage (mondeling), donderdag 31 oktober 1968

Hoofdtekst

Dyselde man fan Meppel fortelde ek:
Der wie in man, dy handele altyd. Hy slepte faek by in boer. Op in kear wied er op in joune let by dyselde boer oankom.
Tichte by de plaets fan dy boer wie in tsjerkhôf. Dêr wie dy koopman lâns kom. Doe hied er tocht: "It is nacht, hwat fremd, der binne noch in pear minsken op 't tsjerkhôf."
It like him ta dat dy in graef tichtsmieten.
Doe't er op it spul oankom wie, dêr't de boer wenne, seinen se dêr tsjin him: "De boer is stoarn." Hy koe dêr nou better net sliepe, hwant de boer lei yn 'e kiste en dy stie dêr yn 'e hûs. Mar hy koe wol ûnderdak krije by in buorman, dy koe him wol goed.
De oare moarns wienen de minsken by de kiste kom, dêr't de boer yn lei en doe hie dy boer net dea west. Hy hie skyndea west.
Hja hienen krekt in graef makke op it tsjerkhôf. Mar doe't der biricht kom dat de boer noch net dea wie, makken se it gau wer ticht.
De koopman hie dat de nachts fan tofoaren al sjoen.
Dat wie foartjirmerije.

Onderwerp

AT 0990 - The Seemingly Dead Revives    AT 0990 - The Seemingly Dead Revives   

ATU 0990 - The Seemingly Dead Revives.    ATU 0990 - The Seemingly Dead Revives.   

Beschrijving

Een koopman ziet bij nacht bedrijvigheid op het kerkhof: er wordt een graf dichtgegooid. Het is een voorgezicht: later sterft er een boer. De boer blijkt de volgende ochtend levend in zijn kist te liggen: hij is schijndood geweest. Het gereedgemaakte graf op het kerkhof wordt snel dichtgegooid.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 519, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

31 oktober 1968
The Seemingly Dead Revives & SINSAG 0487 Vorbedeutung anderer Ereignisse

Naam Locatie in Tekst

Meppel    Meppel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21