Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ051912

Een sage (mondeling), donderdag 31 oktober 1968

Hoofdtekst

Der wie in feint, dat wie noch famylje fan my. Dy hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Trije Roede.
Hy hie dêr op in joune west, doe hied er sein: "Sjoch, dêr giet noch ien hinne." 't Like hiel fremd. It sweefde mear as dat it roan.
Hy sei tsjin 't fanke: "Hwat is dat? Dy giet nei jimmes ta."
"Ja," sei se, "dat is ús mem." (Hja wie al in skoft dea). Ik sjoch har wit hoe faek. Dan is heit deabinaud. As mem yn 'e hûs komt, dan docht se de kastdoar iepen en dan skuort se mar yn 't guod om. En dan sweeft se ek sa wer fuort.
Heit wie altyd wreed tsjin har. Hy hat har hwat biloofd, dat soed er dwaen as hja der net mear wie, mar dat is er net neikom. Dêrtroch is er altyd binaud."
Letter binne dy lju nei in doomny ta gong. Dy doomny ha se doe frege of dy mei har prate woe. Dat hat er doe dien. En doe is dy heit syn bilofte ek neikom. Dy moest dit ha, en dy dat, sa hie se dat bigeard. Mar de heit hie 't stil achterút hâlden.
Doe't se dat dan folbrocht ha, ha se 't minske noait wer sjoen.

Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

Een jongen wijst zijn meisje op een zwevende gedaante. De overleden moeder van het meisje blijkt nog rond te dolen omdat de vader een belofte niet is nagekomen. De dominee vraagt de moeder naar haar onvervulde wens. Als de vader alsnog zijn verplichting nakomt, vindt de moeder rust.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 519, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

31 oktober 1968
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Naam Overig in Tekst

Trije Roede    Trije Roede   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21