Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052002

Een sage (mondeling), dinsdag 12 november 1968

Hoofdtekst

Jille Pultrum - dy't froeger winkelman wie - syn (skoan?)mem hiet fan Antsje. Dat wie myn suster. Har man siet ûnskuldich yn 'e gefangenis. Ik moest dêr nachts by Antsje sliepe, hwant sy moest bifalle.
Doe't it har oan kom, sei se tsjin my: "Clare, wolst even myn mem helje?" Dy wenne dêr in eintsje fandinne.
"Nim Jille dan mar even mei", sei se tsjin my.
Ik rôp lytse Jille fan bêd. Wy gongen togearre op stap.
Myn iene rôk hie 'k ûnder 'e earm. Jille hie 'k beet by de hân. 'k Sei: "Leave, wy sille gau beppe helje."
Wy gongen 't paedtsje skean oer. Doe't wy in eintsje fan myn susters hûs ôf wienen, kom der in bigraffenis oan. Sa like it my tominsten ta. En sa hat it ek west. Hwant doe't wy noch in eintsje fierder wienen woarden ik en lytse Jille yn 'e sleat goaid. Wy hienen allebeide de lykstaesje sjoen. Ik liet fan kjellens de rôk lizze.
Doe't wy in eintsje fierder wienen, sei 'k tsjin Jille: "wy matte gau werom." Dat dienen wy. Ik taestte en doe foun ik de rôk. Doe wy togearre werom skean oer 't paedtsje.
Doe't ik by ús thús wie fleach it my ynienen oan. Ik wie bang. Ik kletste op 'e doarren en sei: "Mem, mem, gau mei. Us Antsje sa en sa."
Doe't ús mem by myn suster Antsje kom, kom skoanmem dêr ek. Doe't mem har it forhael die fan 'e lykstaesje, sei se: "'t Kin bêst sa gebeure. 't Kin bêst wêze dat it foartjirmerij is." "Tichteby wenne in faem: Fintsje. Dy is in skoft letter stoarn. Dat hat dy lykstaesje west.

Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Een vrouw en haar neefje zien een lijkstoet naderen. Kort daarop worden ze beiden in de sloot geslingerd. Het is een voorgezicht: later sterft er een meisje.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 520, verhaal 2 (archief MI)

Commentaar

12 november 1968
Leichenzug gesehen.

Naam Overig in Tekst

Jille Pultrum    Jille Pultrum   

Antsje    Antsje   

Jille    Jille   

Fintsje    Fintsje   

Naam Locatie in Tekst

Clare    Clare   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21