Hoofdtekst
Doe't ik noch by uzes thús yn 'e hûs wie hearden wy ris yn 'e nacht in hiele botte slach. Us hûs hie in hiel lyts bihyndich gonkje. 't Wie krekt as de slach dêr wei kom.
"Hwat is dat?" sei heit. Wy hearden it allegearre. De houn blafte. Heit wie doe al net rjocht goed, mar hy gong der ôf om to sjen. Der wie neat. Heit gong wer op bêd.
Heit woarde minder en minder en hy kom op 't lêst to forstjerren.
Doe moest er yn 'e kiste. Mar sy koenen de swaei net krije yn 't lytse gonkje. Der moest rûmte foar makke wurde. It gonkje moest der út slein wurde.
Dat woarde dien. En doe hearden wy presys itselde lûd as dy nachts.
Heart men it lûd fóár tolwe ûre, dan duorret it koart.
Heart men it lûd nei tolwe ûre, dan duorret it lang.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Een familie hoort 's nachts plotseling een harde klap in het halletje, hoewel er niets te zien is. Het is een voorteken: als de vader des huizes sterft, moet het halletje weggehakt worden omdat de kist er niet door kan. Als men voor twaalven middernacht geluiden hoort, laat het sterfgeval niet lang meer op zich wachten. Hoort men het na twaalven, dan duidt het op een overlijden in de verdere toekomst.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 520, verhaal 1 (archief MI)
Commentaar
12 november 1968
Andere Todesvorzeichen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21