Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052101

Een sage (mondeling), maandag 07 oktober 1968

Hoofdtekst

Myn skoanheit hat forkearing hawn mei in faem yn Kûkherne. Dat wie in tsjoenster. Hja hie har âlden forlern en wenne allinne op in boerespul.
Myn skoanheit en hja sieten dy jouns in skoftsje yn 't bûthús - dat wie doe sa de gewoante - en hja praetten hwat en sa, en sa waerd it stadichoan letter. Doe't it in eintsje yn 'e nacht op wie, tocht skoanheit: "Myn goeije God, ik sit hjir by in bosk fodden!"
Dêr hie gjin leven mear yn sitten. Skoanheit waerd binaud en woe wol fuort, mar hy koe net fuort komme. Dat hie sa in moai skoft duorre.
Op in momint, dêr hie 't leven der wer yn west, doe hie se wer krekt sa west as altyd.
Skoanheit woe fuort nei hûs ta, mar hja hie sein:
"Komst ek wer?"
"Dat wyt ik net", hie skoanheit sein.
"Dû mast sizze ast wer komst, ja of né."
Hy moest har bilove dat er wer kaem, oars kaem er net fan 't hiem. Doe hied er dat dan mar dien.
Doe wie er fuort gien. Mar hy hie dêr noait wer west.
Wylst hja dêr sa as in bosk fodden sitten hie, wie hja der yn 'e gedaente fan in kat of sa op út west to tsjoenen.
Skoanheit wie in froom en tsjerks man, dy't jin net hwat op 'e mouwe spjeldzje soe.

Onderwerp

SINSAG 0697 - Seele in Tiergestalt.    SINSAG 0697 - Seele in Tiergestalt.   

Beschrijving

Een jongen die verkering heeft met een heks, ziet middenin de nacht plotseling het leven uit zijn vriendin verdwijnen. Het meisje zit er als een levenloze bundel vodden bij. Het meisje zit voor dood in de stoel, omdat ze tegelijkertijd uit toveren is in de gedaante van een kat. De man voelt zich erg onbehaaglijk en weet niet of hij nog bij haar zal komen. Het meisje doet haar vriend beloven dat hij terugkeert onder dreiging dat ze hem zal vastzetten op het erf. Schoorvoetend gaat de jongen accoord. De jongen is echter nooit meer teruggegaan.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 521, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

7 oktober 1968
Seele in Tiergestalt.

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21