Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052511

Een mop (mondeling), donderdag 24 oktober 1968

Hoofdtekst

Der wienen us trije rovers.
De iene wie ôfgryslike sterk, de oare beiden wienen net sa sterk.
De twa dy't net sa sterk wienen troffen op in nacht de sterke.
"Ha jim hwat opdien?" sei de sterke.
"Ja," seinen se, "wy ha in baerch. Dy ha wy by in boer út 'e skoarstien helle, mar hy is ús eins hwat to swier. Wy kinne him eins net tille." Sy hienen him yn in sek.
"Nou," sei de sterke rover, "dan ruilje wy. Ik ha hjir èk in sek, dêr sit in lyts baerchje yn."
Mar doe't dy beiden thús kommen en de sek iepen makken, siet der in deade keardel yn.
Hoe moesten se dêr mei oan?
"Wy hingje him yn 't spekhok by de boer, dêr't wy dy baerch stellen ha", sei de iene.
Dat wie de oare bêst.
Sij nei 't spekhok en dêr hongen se de deade keardel moai op.
Mar de faem fan 'e boer moest alle moarnen nei 't spekhok ta om hwat spek ôf to snijen fan 'e deade baerch. Dan wie 't noch tsjuster.
Dy moarns gong de faem dêr ek wer hinne, mar sy kom wer yn 'e hûs en sei: "Dit is hwat. It spek is sa taei as lear, ik kin der net in stikje ôfkrije." (Hja hie yn 'e learzens fan it lyk omfike)
Doe de boer nei 't spekhok ta mei de lantearne. Hy seach dêr de deade keardel hingjen.
Hy sei tsjin 'e boerinne: "Dit is hwat. As se dit gewaer wurde, pakke se my op."
Mar 't wie dy deis merk. De boer wenne net sa fier fan 'e stêd ôf. Hy hie in blyn hynder, mar dat wist it paed wol nei de stêd ta.
De boer sei tsjin syn frou: "Helje 't bline hynder ris op."
Hja helle it en doe sette de boer de deade keardel op it hynder. En sa stapte 't hynder moai nei de merk ta. Dêr stienen allegearre dissen en kreammen en it hynder, dat blyn is, rint lyk op in kream mei diggelguod yn. Dat de hiele boel yn 'e porsleinwinkel rekket stikken. De eigner fan 'e kream wurdt sa lulk dat hy jowt de deade keardel op 't hynder in raem, dat dy tûmelt der ôf.
Elkenien tinkt, dat de man fan 'e kream him deaslein hat.



Onderwerp

AT 1537 - The Corpse Killed Five Times    AT 1537 - The Corpse Killed Five Times   

ATU 1537 - The Corpse Killed Five Times.    ATU 1537 - The Corpse Killed Five Times.   

Beschrijving

Van drie rovers is er één uitzonderlijk sterk. De twee minder sterke rovers ruilen een varken, dat ze bij een boer uit de schoorsteen hadden gehaald, maar dat hen te zwaar is, om met een zak, waar volgens de andere, zeer sterke, rover een kleiner varken in zit. In de zak blijkt echter een lijk te zitten. Ze hangen het lijk op aan de spekhaak van de boer van wie ze het varken gestolen hebben. De meid van de boer verbaast zich erover dat het spek zo 'taai' is. Als de boer de dode kerel aan zijn spekhaak ziet hangen, zet hij het lijk op een blind paard omdat hij bang is dat hij de schuld zal krijgen. Het dier loopt naar de markt en gooit daar een potten- en pannenkraam om. De eigenaar van de kraam ontsteekt in zo hevige woede dat hij de 'ruiter' - het lijk - woedend van zijn paard afslaat. Men verdenkt de koopman er nu van de man gedood te hebben en hij wordt gearresteerd.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 525, verhaal 11 (archief MI)

Commentaar

24 oktober 1968
The Corpse Killed Five Times

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21