Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052601

Een sage (mondeling), zondag 01 december 1968

Hoofdtekst

Ik wie boerefeint yn Surhuzum. Op in kear kom ik de moarns fjouwer ûre ta de plaets út, doe seach ik dat der ien yn 't hôf wie. Ik tocht: dy sit ta de apels.
"Goeije morgen", sei 'k, mar hy sei neat werom.
Ik sei nochris fan "Goeije morgen", mar hy sei wèr neat.
Ik tocht: Hâld dy dan mar stil. Ik gong nei de wei ta. Mar doe't ik op 'e wei wie en fierder roan, roan der èk ien op 't fytspaed. Dat wie in hiele greate keardel, as in reus. De fuotten koe 'k net sjen. It like wol dat er dy net hie. Ik tocht: Hwat dàt is, wyt ik noait. Ik makke my bang. Ik seach even in oare kant út. Doe't ik wèr nei dy gestalte sjen soe, wied er fuort. Doe bigounen de beammen en de strewellen hiel bot to biwegen en to kreakjen, krekt as bigoun der in stoarm.
Doe't ik dyselde deis wer op dat plak kom, wie der neat fan to sjen. Hwat dat west hat bigryp ik noch altyd net.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Een boerenknecht ziet iemand in de boomgaard en groet. Zijn groet blijft tot twee keer toe onbeantwoord. Plotseling ziet hij iemand - een reus van een kerel - op het fietspad. Als de knecht even zijn blik afwendt, is de reus weer verdwenen. De bomen beginnen onheilspellend te kraken.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 526, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

1 december 1968
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21