Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052610

Een sage (mondeling), zondag 01 december 1968

Hoofdtekst

Yn Drachtster Kompenije stie in lyts herberchje, dêr woarde op in joun yn dounse, mei de muzyk derby. It wie Imke de Jong dy't op 'e fijoele spile. Ik siet by him boppe op 'e bank. Doe sei Imke tsjin my: "Mast even de triangel krije." Dy krige ik en ik sloech der op. Sa spilen wy togearre.
Doe sei Imke: "Nou sil 'k de froulju ek even bang meitsje." Imke hie altyd nocht oan ûnnocht. Hy nom om stokje yn 'e hân fan sa'n fjirtich c.m. lingte. Dêr sloech er hwat mei om, doe kommen der allegear soldaetsjes ta de hurddobbe út en dy sprongen dêr tusken de froulju om mei soldatepetten op en soldateklean oan.
De froulju woarden sa binaud, dat sy wisten net hwer't se krûpe soenen.
Ik sei tsjin him: "Nou mast se wer fuortjeije, hwant de froulju binne deabinaud."
Doe sloech er wer mei 't stokje en doe gongen dy soldaetsjes wer yn 'e hurddobbe.

Onderwerp

SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.    SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.   

Beschrijving

Tovenaar Imke de Jong jaagt vrouwen de stuipen op het lijf door met een stokje soldaatjes uit de haardkuil tevoorschijn te toveren.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 526, verhaal 10 (archief MI)

Commentaar

1 december 1968
Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.

Naam Overig in Tekst

Imke de Jong    Imke de Jong   

Imke    Imke   

Naam Locatie in Tekst

Drachtster Kompenije    Drachtster Kompenije   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21