Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052901

Een sage (mondeling), woensdag 20 november 1968

Hoofdtekst

Tsjoenderij wie froeger om samar to sizzen suver in folkssykte. Wie der in bern bitsjoend, of tochten se dat it sa wie dan moesten se earst it kessen iepenmeitsje om to sjen of dêr ek krânsen yn sieten.
Dan moest men hinnegean en nim it wetter fan 't bern, dat yn in pot dwaen en dy pot mei wetter de jouns oer 't fjûr siede litte. Dêr moest men in pakje nuddels en in pakje spjelden yn dwaen.
't Earste frommes, jong of âld, hwat der dan kom, dat wie de tsjoenster.
Oan 'e krânsen yn 't kessen wist men dus of it bern bitsjoend wie. Der moest altyd ien krâns yn sitte. Sieten der trije yn, dan like it slim.
Jiske Wyts wie in tsjoenster. Dy wenne achterút oan 'e Spekloane by de Fjouwer Roede. Hja roan hast mei de noas op 'e groun.
Hja hie in hege hage by 't hûs lâns. Mar ik ha faek sjoen, dat se rjochtop stie en oer de hage hinne seach.
Hja wie soms mei in swarte kat oan 't strûpen.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Toverij werd vroeger als volksziekte beschouwd. Als er een kind betoverd is of als men vermoedt dat dit het geval is, wordt het kussen van het kind wordt gecontroleerd op heksenkransen. Als er drie kransen in het kussen zitten, is het kind er zeer ernstig aan toe. De urine van het kind wordt samen met een pakje naalden en een pakje spelden aan de kook gebracht. De eerste vrouw die het huis benadert, is de heks. Van een bekende heks wordt verteld dat ze bijna met haar neus op de grond liep. Dezelfde heks werd ook vaak met een zwarte kat aangetroffen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 529, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

20 november 1968
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Jiske Wyts    Jiske Wyts   

Fjouwer Roede    Fjouwer Roede   

Naam Locatie in Tekst

Spekloane    Spekloane   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21