Hoofdtekst
Hjir njonken wenne in âld man mei trije bern. Der wennet nou in oantroude dochter fan him.
't Wie yn 1938. Hja woenen it spultsje hwat útbreide en sy hienen it der oer, sy woenen in heakipe bouwe.
Op in nacht, doe leinen se allegear op bêd, doe sloech de houn oan en der waerd sage, timmere en alsa mear. Se hearden it alle fjouwer. Hja kommen oerein en fan bêd ôf. 't Hountsje woarde losmakke, en doe sjen. Mar der wie neat. Doe gongen se wer op bêd. Mar even letter hearden se itselde wer: saegje, spikerje en sa. Dat gong oan trije kear ta dy nachts.
De oare nachts hienen jy it wer, en de dêropfolgjende nacht ek. Nacht op nacht hearden dy lju dat getimmer. Sy gongen der net mear ôf.
Doe't de heakipe in pear wiken letter boud woarde, hearden se deselde lûden de oerdeis. It hie foartsjirmerije west.

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Een man is voornemens een hooischuur te bouwen. Kort daarop zijn er 's nachts tot drie keer toe zaag- en timmergeluiden te horen, hoewel er niets te zien is. Ook in de daaropvolgende nachten zijn werkgeluiden hoorbaar. Het is een voorteken: als de hooischuur daadwerkelijk gebouwd wordt, zijn dezelfde geluiden te horen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 532, verhaal 3 (archief MI)
Commentaar
4 december 1969
Vorbedeutung anderer Ereignisse
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21