Hoofdtekst
Feitse Brants wenne yn Drachten. Winterdeis helle er alles mei de slide fan Ljouwert. Op in kear hied er mei de slide oer iis nei Ljouwert ta west om bier. Op 'e weromreis, op 'e wide Ie stoppe er even.
Dêr seach er in keppel guozzen yn 'e loft. Hy hie syn gewear by him, hy sjit mei de laedstok en dy boarret troch sawn guozzen hinne. Hy hat in goeije fangst. Mei sawn guozzen komt er thús.
Op in oare kear hied er wer nei Ljouwert ta west om bier. Hy is ek nou wer op 'e Wide Ie.
Der komt in keppel guozzen oanfleanen. De dieren ha toarst. Feitse giet hinne en slacht ien fan 'e bierfetten stikken. De dieren sûpe safolle fan it bier op, dat sy wurde allegear dronken. Sy reitsje yn 'e sûze en Feitse bynt se allegear in tou om 'e poat en dy touwen bynt er oan 'e slide. Hy tinkt, dan kin ik se maklik meinimme.
Mar even letter leefden dy guozzen wer op, dy woarden wer nochteren.
Doe joegen se har op 'e wjokken en dêr fleagen se hinne mei de slide en de bierfetsjes en Feitse Brants der ûnderoan dy't it hânsel beethâldde. Heech de loft yn.

Onderwerp
VDK 1894* - Dronken ganzen gevangen   
Beschrijving
Feitse Brants doorboort met de laadstok van zijn geweer in één schot zeven ganzen. Een andere keer voert Feitse ganzen dronken met bier. Als de dieren versuft raken van de alcohol, bindt hij ze allemaal een touw om de poot. Het touw bindt hij vervolgens aan zijn slee opdat hij de ganzen gemakkelijk kan meenemen. Als de ganzen weer nuchter worden, vliegen ze hoog de lucht in en sleuren Feitse met zijn slee achter zich aan.
Bron
Corpus Jaarsma verslag 535, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
11 november 1968
Dronken ganzen gevangen & AT 1894 The Man Shoots a Ramrod Full of Ducks & AT 1881 The Man Carried through the Air by Geese
Naam Overig in Tekst
Feitse Brants   
Feitse   
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Ljouwert   
Ie   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21