Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ053604

Een sage (mondeling), woensdag 20 november 1968

Hoofdtekst

Us heit wie mattewever. Hy moest ris in kear tried brûke. Doe gong er nei Rikele Myt ta. Hy nom myn broer mei. Dat wie doe in jonkje fan sa'n acht jier.
Myt joech it jonkje in bak.
Sûnt dy tiid wied er siik. Doe sei heit: "As er dea giet, dan sjit ik Rikele Myt dea."
Doe seinen se tsjin heit, hy moest nei de duvelbander ta. Dêr soed er dan hinne. Hy soe 't mûtske fan 't jonkje meinimme.
Mar dat hie Rikele Myt fornom. Sy kom by ús mei in poun spek. Sy sei: "Jow him dat mar. Dy jonge is liderich en ladderich yn 'e hûd. Hjir is in poun spek en fuorje him dat mar op. Dan wurdt de jonge wol wer better."
De afgeskeidenen seinen: "Nou matte jo der sels ek hwat fan opite."
Doe sei heit: "As 't forbruid is dan ìs 't forbruid."
It jonkje woarde better.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een ziek kind blijkt betoverd. De vader van het kind gaat met het mutsje van zijn zoontje naar de duivelbanner. De heks verneemt dit en gaat naar het huis van het zieke knulletje om hem een pond spek te geven. Het jongetje wordt uiteindelijk wel weer beter.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 536, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

20 november 1968
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Rikele Myt    Rikele Myt   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21