Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ053709

Een sage (mondeling), maandag 11 november 1968

Hoofdtekst

Der wie ek ien, dy wenne yn 'e Parken (ûnder Grinzer Pein). Dat wie in âlde stroper. Alde Gjertsje wenne net sa fier fan him ôf. Gjertsje wie in tsjoenster.
Flak by har yn 'e buert stie hwat moes (= boerekool). De stroper fortelde: "Dêr gong ik hinne to skilderjen by nacht. Ik lei dêr mei 't gewear to wachtsjen. Ja, dêr kom de hazze by 't moes. Rjocht by de stronk giet er stean. Ik sjit. 't Hier fan 'e hazze stoude der nei. Mar hy wie samar fuort.
De twadde joun wie 't presys sa. Ik lei dêr wer en dêr hienen jy de hazze ek wer by de moes. Ik skeat. Ik wie der wis fan dat ik him rekke hie. Mar ek nou ûntkom er my.
Dat gong sa fjouwer kear.
Doe op in moarntiid bitiid kom âlde Gjertsje by myn wiif.
- Jo ha mar in wrede keardel, - hie se sein. - Dy kin ek wol sjitte. Mar hy sjit ek wol us mis -.
Sy stuts my de gek oan. Sy hie hàrsels yn in hazze foroare.
Sy wie net to deadzjen, sy wie in tsjoenster."

Onderwerp

SINSAG 0592 - Hexentier kann nicht getroffen werden    SINSAG 0592 - Hexentier kann nicht getroffen werden   

Beschrijving

Het lukt een stroper tot vier keer toe niet een haas van heel dichtbij neer te schieten. Het blijkt een heksendier te zijn. Zo'n heksendier is niet te doden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 537, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

11 november 1968
Hexentier kann nicht getroffen werden

Naam Overig in Tekst

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Gjertsje    Gjertsje   

Naam Locatie in Tekst

Parken    Parken   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21