Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ054201

Een sprookje (mondeling), maandag 16 december 1968

Hoofdtekst

De fûgels woenen in koaning ha. Sy hâldden allegear meielkoar in forgadering. Hwa soe it wurde?
Doe ornearren se, deselde fûgel, dy't it heechste fleane koe, dy soe koaning wurde.
Der wie in lyts fûgeltsje by, dat wie tige snoad. Hy tocht: de eibert dy kin grif it heechste fleane. Hwat die er? Hy gong ûngemurken op 'e fleugels fan 'e eibert sitten.
Doe fleagen alle fûgels omheech de loft yn. De eibert koe fierwei heechst. Doe't er alle fûgels in ein ûnder him hie, soed er wer nei ûnderen ta, mar doe joech dat lytse fûgeltsje him omheech.
De eibert sei: "Sjoch, ik bin de heechste."
Mar doe sei 't lytse fûgeltsje boppe him, dat er net sjoen hie: "Ik bin de heechste. Ik bin koaning."
Doe krige dat de namme fan winterkoaninkje.

Onderwerp

AT 0221 - The Election of Bird-king    AT 0221 - The Election of Bird-king   

ATU 0221 - The Election of King of Birds.    ATU 0221 - The Election of King of Birds.   

Beschrijving

De vogels houden een hoogvliegwedstrijd omdat ze een koning willen aanwijzen. De winnaar zal hun koning worden. De ooievaar verslaat alle anderen behalve een klein, slim vogeltje, dat zich verborgen in zijn veren door hem omhoog heeft laten dragen. Als de ooievaar net weer wil gaan dalen omdat hij alle vogels onder zich weet, vliegt het kleine vogeltje plotseling op vanuit zijn vleugels. Het kleine vogeltje wordt als koning benoemd en draagt voortaan de naam 'winterkoninkje'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 542, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

16 december 1968
The Election of Bird-king

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21