Hoofdtekst
Us heit wie timmerman. Wy wennen yn Grinzer Pein. Der roannen paedtsjes skean troch de heide hinne.
Op in kear wie der in bern stoarn op 'e heide. Heit moest de kiste meitsje. Heit en ik gongen togearre mei de kiste op stap. Heit droech de kiste ûnder 'e earm. Ik wie doe sahwat tsien jier. Wy gongen skean oer de heide. In stikje dêrfan wie oanmakke. Dêr roan 't paed skean trochhinne. Dêr soenen wy lâns.
Mar de heit fan 't forstoarne bern stie by 't paed en sei: "Hjir net lâns."
"Ik mat hjir lâns", sei heit.
"Foar gjin tsien goune wol ik jo hjir lâns ha", sei de man.
"Hwerom net?" sei heit.
"Jo wite 't krekt sa goed as ik", sei er. "As hjir in kiste lâns komt mei 't paed hjir noait wer wei, en ik wol 't hjir net hâlde."
Doe moesten wy in hiele omwei meitsje.

Beschrijving
Een vader van een overleden kind verbiedt de timmerman de doodskist voor zijn gestorven kind over een bepaald pad te dragen. Als er een kist over een pad gedragen wordt, mag het pad nooit meer verdwijnen. De vader wil het pad daar echter niet houden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 549, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
13 december 1968
Naam Overig in Tekst
Grinzer Pein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21