Hoofdtekst
To Greategast wenne in faem, dy hie forkearing hawn mei in feint. Mar dy feint wie overleden. Hja wennen tsjin 't tsjerkhôf oer.
Op in joun sieten se byelkoar to praten yn 'e hûs. De faem hiet fan Sibrich. Doe sei der ien tsjin har: "Doarstû fannacht tolve ûre wol nei 't graef fan dyn frijer ta?"
"Jawol", sei Sibrich.
De froulju droegen froeger lange rokken. En sy hienen skelken foar, dy rikken oan 'e groun ta.
Sibrich krige in biezemstôk mei. "Hwant," seinen se, "wy wolle wite datst der west hast. Dy biezemstok mast dêr yn 't graef stekke."
Sa'n biezemstok is puntich oan 'e ein dêr't de biezem sitten hat. Sibrich gong de nachts tolve ûre nei 't tsjerkhôf ta. Doe't se by 't graef kom woarde se angstich. 't Gong har kâld oer de rêch. Doe't se de biezemstok yn 'e groun stekke soe, bûgde se har hwat foaroer en doe gong de punt fan 'e stok troch in tippe fan 'e skelk hinne.
Hja soe fuort, mar doe woarde se beethâlden. Sy woarde sa kjel dat sy foel op 'e groun.
Doe't de lju fan 'e plaets der hinne gongen mei in lantearne lei Sibrich dea op it tsjerkhôf.

Onderwerp
AT 1676B - Clothing Caught in Graveyard   
ATU 1676B - Frightened to Death   
Beschrijving
Een meisje dat haar vriend verloren heeft wedt dat ze om middernacht naar het graf van haar overleden vrijer durft te gaan. Afgesproken wordt dat het meisje een bezemsteel in het graf zal steken als bewijs dat ze het graf echt bezocht heeft. Op het kerkhof aangekomen, wordt het meisje toch bang. Als ze de bezemstok in de grond wil steken, spiest ze per ongeluk een stukje van haar schort aan de stok. Het meisje vermoedt dat ze vastgehouden wordt en sterft van schrik.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 549, verhaal 8 (archief MI)
Commentaar
13 december 1968
Clothing Caught in Graveyard
Naam Overig in Tekst
Greategast   
Sibrich   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21