Hoofdtekst
Fan Grinzer Pein farde der in boat nei Grins ta. Dêr gongen de kooplju tiisdeis altyd mei.
Mar de boat wie Albert Gjaltema to djûr. Hy wie ek koopman. Hy koe guodkeaper mei de snikke, dy lei by de Keale wei. Dat wie twintich sinten guodkeaper.
Sa hied er in kear mei de snikke nei Grins ta west. Doe't er oan wâl stapte wie 't tsjuster. Hy moest de Hofloane del. Dêr stie net in inkeld hûs oan oan Grinzer Pein ta.
Doe't er sahwat op 'e helte wie, woarde er optild - hy sweefde in skoftsje en doe woarde er wer delset. Doe stie er wer by de snikke. Hy tocht: "Hoe kin dit?"
Hy sei tsjin 'e man fan 'e snikke: "Kinne jo my der lâns bringe? Ik hie in raer gefal. 'k Wie oan 'e helte ta, doe woarde 'k optild en hjir wer delset."
De man fan 'e snikke gong mei. Hy hie in kneppel ûnder 'e jas. Doe't Albert wer op 'e helte wie, seach er ris om him hinne en hy sei: "Binne jo hjir noch?"
Mar hy krige gjin antwurd.
Albert bigrypte der neat fan, mar hy tocht: ik mat mar goed oanstappe, dan bin 'k gau yn de Pein.
Hy roan yn 'e linkerberm lâns. Mar op in stuit fortroude er him net. Hy tocht: ik mat mar op 'e hurde wei.
Mar doe stie er ynienen oan 'e oare kant de wei. En even letter wer oan 'e linker kant. Sa gong dat hyltyd mar troch. Doe't Albert de jouns goed en wol thûs wie, sei er tsjin syn frou: "Nou gean ik noait wer mei de snikke mei."

Onderwerp
SINSAG 0542 - Von unsichtbaren Händen aufgenommen   
Beschrijving
Een man werd op een nacht verschillende malen van de weg opgetild en op een andere plek weer neergezet.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 553, verhaal 3
Commentaar
20 december 1969
Von unsichtbaren Händen aufgenommen
Naam Overig in Tekst
Albert Gjaltema   
Grinzer Pein   
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Groningen   
Keale wei   
Hofloane   
Hoflaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21