Hoofdtekst
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea.
Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen. Mar der praette àl ien. Doe seach er wèr achterom, en hy taestte mei de hân yn 't tsjuster, mar hy fielde neat.
Hy tocht: "Dit sil de duvel wol wêze."
Hy sei: "Ast nou net fuort giest, dan meitsje ik in duvel fan dy."
Doe hearde er wer hwat sûzjen. Even letter wie it sûzjen foar him út. Doe bleau de wein stean. Hy sprong fan 'e wein en roan nei 't hynder ta. Hy biseach it fan alle kanten. Doe't er de hynstepoaten biseach, seach er dat dy stiif wienen.
"Hwat mat ik dêr nou oan dwaen", tocht er.
Wylst er dêr stie kom der wer hwat oansûzjen. Dat bleau boven him. It sûze yn 'e rounte.
"Binne jo dat Pjirkje?" sei er. Pjirkje wie in tsjoenster.
"Ja", sei se mei in skel lûd.
"Ik bin forlegen," sei er, "myn hynder hat stive poaten."
Doe sûze 't nei ûnderen. 't Wie krekt as gong der hwat oer de rêch fan 't hynder hinne.
Doe roan it hynder wer.
Doe hearde er in lûd achter him, dat sei: "Ik krij dy wer."
Dat wie de duvel syn lûd.
Mar hy hat der letter noait hwat fan fornom.

Beschrijving
Een man was op een nacht onderweg met paard en wagen. Hij hoorde achter zich iets suizen, dat was de duivel. Zijn paard had opeens zulke stijve poten dat hij niet meer verder kon lopen. Toen hoorde de man iets boven zich suizen, en hij vroeg of dat Pjirkje was, de tovenaarster. Dat was zo, en hij vroeg haar zijn paard te helpen. Toen hij weer verder kon rijden, hoorde hij de duivel achter hem sissen dat hij hem nog wel zou krijgen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 553, verhaal 4
Commentaar
20 december 1969
Naam Overig in Tekst
Pjirkje   
Grinzer Pein   
Mearum   
Naam Locatie in Tekst
Noardwikumerheide   
Noardwyk   
Noordwijk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21