Hoofdtekst
Yn 'e Boelensloane stie in lyts húske, dêr hat letter Machyl Bouwer yn wenne. Eartiids wenne dêr in earme skuonmakker yn. Dy skuonmakker hie syn wurktafel tsjin 'e muorre oan stean en oan 'e oare kant fan dy muorre, bûtendoar, dêr wie in put. As de skuonmakker mei de hammer op 'e soalen fan 'e skuon sloech, dan wjerkeatste dat lûd altyd yn 'e put. Nei dy skuonmakker wenne Jehanne Lape yn dat húske. Hja handele yn âlde klean en gong alle wiken mei de Feanster boat nei Grins ta.
Sûnt hja yn dat húske wenne hearden se nachts altyd om tolwe ûre datselde lûd fan it klopjen op lear yn dy put.
Sûnt hja yn dat húske wenne hearden se nachts altyd om tolwe ûre datselde lûd fan it klopjen op lear yn dy put.
Beschrijving
In een put waren altijd de slagen te horen van een schoenmaker die op de zolen van de schoenen sloeg. Toen er later een ander in het huis van de schoenmaker woonde, hoorde die altijd om middernacht het slaan in de put.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 553, verhaal 7
Commentaar
20 december 1969
Naam Overig in Tekst
Machyl Bouwer   
Jehanne Lape   
Fean   
Naam Locatie in Tekst
Boelensloane   
Boelenslaan   
Veen   
Grins   
Groningen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
