Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ055308

Een sage (mondeling), zaterdag 20 december 1969

Hoofdtekst

Der wie in man, dy siet yn it lân to melken. Doe kom der in frou oan. 't Wie waerm waer en dy frou hie och sa'n toarst. Hja tocht: "Hie 'k mar hwat to drinken."
Doe't se dy man dêr sitten seach to melken, frege se: "Ha jo ek hwat molke foar my?"
"Né," sei de man, "ik kin de molke oars wol brûke, dêr krije jo gjin fan."
Doe hearde dy man sizzen: "Geef die dame een glas melk."
De man wurdt tige kjel. Hy tinkt: Hwa seit dat.
Even letter, dêr heart er wer: "Geef die dame een glas melk."
Hy tinkt: dat seit dy kou en dan wurdt er al hwat binaud.
En dan heart er foar de trêdde kear: "Geef die dame een glas melk of ik zal je mores learen."
Dan jowt er har gau molke. Hy hie net yn 'e gaten dat dy frou bûksprekke koe. (Dit fortelde Master Kremer fan Grinzer Pein ús, doe't wy bern wienen)


Beschrijving

Een vrouw vroeg een melkende man om wat te drinken. Hij weigerde. Toen hoorde de man zeggen: "Geef die dame een glas melk." Na de derde keer gaf de man een glas melk. Hij had niet door dat de vrouw kon buikspreken.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 553, verhaal 8

Commentaar

20 december 1969

Naam Overig in Tekst

Master Kremer    Master Kremer   

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21