Hoofdtekst
Myn suster en har man wennen yn 'e Grinzer Pein, krekt lyk as wy ek. Op in joun kommen se by ús wei mei ljochtmoanne. Sy wienen omtrint oan hûs ta. Oan wjerskanten fan 'e wei wie in brede gracht. Dêr stienen in pear rigen beammen by.
Ynienen sei myn swager: "Sjoch, sjoch, sjoch, sjoch, in dikke swarte houn." Hy wie der bleek fan, sa kjel woarde er. Mar myn suster sei: "Gjin sprake fan. Dan hie ik him èk wol sjoen."
Doe seach myn swager him ek net mear.

Beschrijving
Een echtpaar liep eens in het maanlicht ovre de weg. Opeens zag de man een grote, zwarte hond. Maar zijn vrouw zag niets, en toen zag hij ook niets meer.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 553, verhaal 11
Commentaar
20 december 1969
Naam Overig in Tekst
Grinzer Pein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21