Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056005

Een sage (mondeling), dinsdag 17 december 1968

Hoofdtekst

Freark Visser op 'e Broek wie frachtrider. Syn frou wie in tsjoenster.
Wy hienen trije hynders. Freark Visser nom de hjouwer foar dy hynders mei út Dokkum.
Myn broer Harm helle de hjouwer jouns let noch wol us by Freark wei.
It wie al in kear of hwat gebeurd, dan seach er yn 't tsjuster in frommeske nei 't hinnehok tagean. Dat wie gjin goed spul.
Meester Feitsma wenne dêr flak by. Hy frege meester: "Giet meesterke jouns let altyd nei 't hinnehok ta to hinnefuorjen?"
"Né," sei meester, "dy leit jouns bitiid op bêd."
"Nou," sei Harm, "hwa docht it dan? Ik ha 't al in kear of hwat sjoen. In frommeske giet it paedtsje del - sy slûpt nei 't keldersdoarke ta."
"Né jonge, dat is meesterke net", sei meester. "Mar ik ha 't èk wol sjoen. Dat is dêr gjin goed spul. Mast der mar net om tinke."
't Wie Freark Visser syn wiif, dy't der op út gong to tsjoenen.


Beschrijving

Mensen zagen 's avonds laat nogal eens een vrouw naar een kippenhok sluipen om de kippen te voeren. Het was een heks, die erop uit ging om te toveren.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 560, verhaal 5

Commentaar

17 december 1968

Naam Overig in Tekst

Freark Visser    Freark Visser   

Harm    Harm   

Feitsma    Feitsma   

Naam Locatie in Tekst

Broek    Broek   

Dokkum    Dokkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21