Hoofdtekst
Alde Auk wie in tsjoenster. Hja wenne yn 'e Leijen en stookte yn 'e winter altyd skjûden yn 'e fjûrpot. (skjûden = afval van vlas; brandstof voor behoeftige lieden)
Mei't pake en dy in protte braekten, hienen dy skjûden to keap. Wy wennen yn Broek.
't Wie yn 'e winter en beppe wie nei Bonte Houn ta, dêr leinen har âlders mei 't skipke.
Mem en Minkmoai wienen togearre thús. Doe seagen se yn 'e fierte âlde Auk oankommen.
"Dêr sille wy us in grap mei ha", seinen se. Sy dienen gau trije krusen oer de drompel.
Dêr wie Auk al. "Binne der skjûden?" rôp se.
"Ja, genôch", seinen Minkmuoi en mem. "Krij mar safolle as jo drage kinne."
Doe moest se oer de trije krusen, mar dêr koe se net oer komme. Sy bleau mar stean.
"Kom der mar yn", seinen mem en dy.
Mar sy woe net.
Sy helle de skjûden út it braekhok. Doe wie se wer by de doar. Sy moest noch bitelje.
"Kom der mar yn", seinen mem en dy wer.
Mar sy kom net oer de drompel. Hja woe net. Hja hie de fiif sinten krige en oer de keet smiten. En doe wie se hurd fuort gong mei de skjûden.

Onderwerp
SINSAG 0641 - Hexe erkannt. Sie sieht sich um, wenn ihr Fusstritt gekreuzt wird (rächt sich).   
Beschrijving
Een vrouw kwam eens afval van vlas kopen, dat kon ze als brandstof gebruiken. De verkoopster meende dat ze een heks was, en maakte voor haar komst drie kruizen op de drempel. Ze nodigde de vrouw binnen uit, maar deze weigerde over de drempel te komen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 560, verhaal 6
Commentaar
17 december 1968
Hexe erkannt. Sie sieht sich um, wenn ihr Fusstritt gekreuzt wird (rächt sich).
Naam Overig in Tekst
Mink   
Leijen   
Bonte Houn   
Naam Locatie in Tekst
Auk   
Broek   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21