Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056007

Een sage (mondeling), dinsdag 17 december 1968

Hoofdtekst

Heine Jilderda fan 'e Broek hie fiif berntsjes, dy woarden alle fiif siik. Sy seinen: hja binne bitsjoend.
Alde Frearke Tiet wie de beppe fan 'e berntsjes (ek in Jilderda), dat wie de tsjoenster. Har broer Jan wie ek in tsjoenster.
Doe't de buorlju seinen: - de berntsjes bin bitsjoend -, sei Hanne, de mem fan dy berntsjes: "Ik kin 't net leauwe en ik mei 't net leauwe, hwant ik bin in gelovich minske."
Mar 't wìè wol sa. De berntsjes sukkelen alhiel út, alle fiif. Mar sy koenen net ta stjerren komme.
Mar dan kommen beppe en Jan Jilderda, en dàn foelen de berntsjes yn siken. Dan gong 't leven der út. Deselden dy't se bitsjoend hienen, moesten se ek stjerre litte. As dy beiden kommen, duorre 't mar even, of de berntsjes wienen wei.
"In gelok dat jim der binne", seinen de âlden.


Beschrijving

Vijf kinderen uit een gezin waren allemaal ziek, maar konden maar niet tot sterven komen. Ze waren betoverd. De grootmoeder en haar broer waren heksen. Pas toen zij langs kwamen, stierven de kinderen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 560, verhaal 7

Commentaar

17 december 1968

Naam Overig in Tekst

Heine Jilderda    Heine Jilderda   

Frearke Tiet    Frearke Tiet   

Hanne    Hanne   

Jan Jilderda    Jan Jilderda   

Naam Locatie in Tekst

Broek    Broek   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21