Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056404

Een sage (mondeling), zaterdag 01 februari 1969

Hoofdtekst

Us mem siet by myn suster. Doe wie se al âld en minnichjes. Sy seach nei in plak op 'e flier en sei: "Tink der om, net op dy swarte lint traepje."
"Is dêr dan in swart lint?" frege myn suster.
"Ja," sei se, "sjoch, dat rint nei 't finster ta en dêr giet it by op."
Mar myn suster seach neat.
In wike letter siet mem yn 't sintsje bûtendoar. Doe hie se 't ynienen wer oer 't swarte lint. "Sjoch," sei se, "dêr is it, it komt fan 't finster en it giet dy kant út." En sy wiisde nei de kant fan 't tsjerkhôf.
De wyks dêrop is se stoarn. De kiste koe yn 'e hûs de swaei net krije, doe moest it finster omheech skoud wurde.
It swarte lint dat wie de lykstaesje. Dy hie hja fan tofoaren sjoen.


Onderwerp

SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.    SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   

Beschrijving

Een oude vrouw waarschuwde haar dochter niet op het zwarte lint te gaan staan. De dochter zag helemaal geen lint. Een week later zat de oude vrouw buiten en zag ze weer een zwart lint. Weer een week later stierf ze. Het zwarte lint was de lijkstoet. Die had ze vantevoren gezien.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 564, verhaal 4

Commentaar

1 februari 1969
Andere Todesvorzeichen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21