Hoofdtekst
Oan 'e Suder Dwarsfeart to Drachten wenne âlde Teatske. Dy wie tige ryk. Teatske is op in rare menier oan 'e ein kom. Sy is sahwat forhongere by de oerfloed. Hja hie sa'n jild yn 'e kelder, dat sy meat de gounen en de ryksdaelders mei de fiif-kop.
Doe't Teatske stoar hie se alles oan 'e tsjerke tamakke. Mar dat is net earlik om en ta gong.
Der woarde in nije tsjerke boud fan it jild. Mar doe kom der it earste jier in greate brede wite baen oer de dakpannen hinne. Ik wyt dat noch út myn jeugd. Dat woarde yn forbân brocht mei it oannimmen fan it jild, dat net earlik om en ta gien wie.
It wie in teken oan 'e want, dy wite baen.

Beschrijving
In de kelder van een pasgestorven man werd eens een hoop geld gevonden. Op een oneerlijke manier kwam dit geld in handen van de kerk. Er werd een nieuwe kerk van gebouwd. In het eerste jaar kwam er een grote, brede, witte band over de dakpannen. Dat werd in verband gebracht met het oneerlijk aannemen van geld. Het was een teken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 564, verhaal 9
Commentaar
1 februari 1969
Naam Overig in Tekst
Zuiderdwarsvaart   
Teatske   
Naam Locatie in Tekst
Suder Dwarsfeart   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21