Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056410

Een sage (mondeling), zaterdag 01 februari 1969

Hoofdtekst

God hat de himel en de ierde makke. Doe hat Er op 't lêst ek de minske makke. Hy makke in popke fan klaei. Yn 'e noastergatten, dêr pûstte Er syn eigen azem yn.
Doe sei Er: "Sta op en wandel."
De duvel stie wylst achter de boskjes. Hy hat goed sjoen hwat der gebeurd is en tinkt: "Ja, âlde rakkert hwatstû kinste, dat kin ik èk."
Hy giet èk by 't rivierke sitten en pakt klaei en makket èk in popke. En hy blaest dy poppe èk azem yn.
En dan seit er ek: "Sta op en wandel."
En dy poppe wandelt ek.
Mar o leave deugd! Hwat hy makke hat, hat gjin kont. Dan pakt er gau in klute klaei en dy smyt er him nei. Mar hy rekket it forkearde plak. De klute komt op 'e rêch. En de minske dy't hy makke hat, hat in buchel.
Sa binne de buchels yn 'e wrâld kom.


Beschrijving

God maakte de hemel en de aarde. Toen maakte hij de mens. Hij maakte van wat klei een popje en blies het zijn adem door de neusgaten. Hij zei: "Sta op en wandel." Achter de bosjes had de duivel toegekeken, en deze dacht 'dat kan ik ook'. Hij maakte ook een kleipopje en blies het zijn adem in. Hij zei: "Sta op en wandel." Maar toen pas zag de duivel dat zijn pop geen kont had. Hij gooide het nog een stukje klei achterna. Maar de klont kwam op de rug terecht, en zijn mens had een bochel. Zo zijn de bochels in de wereld gekomen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 564, verhaal 10

Commentaar

1 februari 1969

Naam Overig in Tekst

God    God   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21