Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056601

Een sage (mondeling), vrijdag 20 december 1968

Hoofdtekst

It nije tsjerkhôf op 'e Harkema wie krekt klear, mar der lei noch gjin op. It baerhûs stie der al.
Heit en dy wennen yn it hûs dêr't ik nou wenje, dat wy hienen doe it tsjerkhôf ek al flak achter ús.
Op in joun, doe't it tsjuster wie, kom heit achter hûs. Doe seach er de kant nei 't tsjerkhôf út en doe ûntdekte hy hwat boven op it baerhûs. It wie in wite gedaente mei de earmen wiid-út, kreks as in discipel of in profeet ofsa.
Heit rôp mem der by. Doe seach dy it ek.
Heit sei: "Ik wol der hinne", hwant hy wie net bang.
Mar mem kearde it. Sy sei tsjin heit: "Dû hast der neat mei noadich. Dat binne dingen dy geane dy net oan. Dû mast hjir bliuwe."
Sy gongen yn 'e hûs. De oare jouns seagen se der wèr nei. Mar doe wie 't der net. 't Hat der net wer west.
Hat dat nou de geest west fan de iene of oare profeet, dy't it tsjerkhôf ynsegene hat?



Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Op een nieuw kerkhof lag nog niemand. Op een avond zag een buurtbewonder opeens een witte gedaante op het baarhuis staan, met de armen gespreid. Het leek wel een profeet of een discipel. Later is de verschijning nooit meer gezien.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 566, verhaal 1

Commentaar

20 december 1968
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21