Hoofdtekst
Us mem hearde ris op in jountiid ien by de doar. Doe seach se dat der twa man ynkommen. Sy seach hiel dúdlik dat dy in baerke delsetten rjocht tsjin 'e muorre oan, hjir yn 'e keamer.
Hja siet yn 't hoekje fan 'e keamer. Sy woarde sa bleek as in doek. It swit bruts har út, sa binaud woarde se. Even letter wie alles wer fuort.
In pear wiken dêrnei kommen der echt twa man mei in baerke. Sy setten it op itselde plak del, dêr't mem it sjoen hie. 't Kistje wie der net.
Doe hienen mem en dy in berntsje forlern, dat stoarn wie oan termynsetten.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een vrouw zag eens twee mannen een kistje in de kamer zetten, maar in werkelijkheid was er niets. Een paar weken later verloor ze een kindje, dat gestorven was aan toevallen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 566, verhaal 2
Commentaar
20 december 1968
Der Sarg gesehen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21