Hoofdtekst
Myn suster arbeide froeger by Klaes Postma op Readskuorre.
Jouns seis ûre gong se der wei, dan wie 't by 't winter al piktsjuster. Sy moest altyd in donkere sânreed delrinne.
Op in joun doe kom se dêr wer lâns. Sy moest nei de Harkema ta. Doe tocht se: Heden, hwat ding haw ik hjir by my. It wie in beest, roetswart. It like wol hwat op in houn, mar 't wie folle greater. En 't hie egen yn 'e kop sa great as thépantsjes. It roan foar har op.
Op 't lêst kom se foar in houtsje to stean. Dêr moest se oerhinne. Mar it pleachbeest gong har foar. It wachte har op oan 'e oare kant.
Togearre roannen se fierder. Doe wienen se omtrint oan in hûs ta. Myn suster seach om har hinne, doe wie 't pleachbeest fuort. Hja hie 't noait fuortgean sjoen.
Doe wie se ynienen deabinaud west. Salang it dier by har west hie hie se gjin bangens field.

Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
Beschrijving
Een vrouw was op een avond onderweg naar huis. Het was donker, en opeens voelde ze wat. Toen zag ze een beest, groter dan een hond en roetzwart. Het had ogen als theeschoteltjes. Het liep net zo lang naast haar totdat ze thuis was.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 567, verhaal 6
Commentaar
27 januari 1969
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
Naam Overig in Tekst
Klaes Postma   
Readskuorre   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21