Hoofdtekst
Der wie in man, dy wie skuonmakker fan birop. Dy wie nergens bang foar. Dat wie algemien bikend.
It jongfolk tocht: Wy moesten him oars al ris in kear bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarre jo wol in nacht yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?"
"Jawol," sei de skuonmakker, "hwerom net?"
Sy bipaelden in datum en dy jouns gong de skuonmakker mei syn ark en in kears nei tsjerke ta. Hy stuts de kears oan en bigoun mei de hammer op in skoech om to klopjen. Njonken him stie in deakiste.
Doe't de skuonmakker ris omheech seach nei de kreake, doe woarde er hwat wyts gewaer, dat kom nei foaren ta.
De skuonmakker frege: "Wie zijt gij?"
Doe sei dy wite geest mei in raer lûd: "Ge zijt hier in het land der doden."
De skuonmakker frege: "Is hjir dan ek in slokje to krijen?"
Tagelyk gong it lid fan 'e kiste njonken him stadich omheech, en dy't der yn lei kom in bytsje oerein.
Mar doe kom de skuonmakker op him ta en hy sei: "Ho-ho, wie dood is moet dood blievn", en hy joech dyselde yn 'e kiste mei de hammer in klap op 'e kop.

Onderwerp
AT 1711* - A Wood-cutter does not Fear the Dead   
ATU 1711* - The Brave Shoemaker   
Beschrijving
Een paar mensen wilden een overmoedige schoenmaker eens goed laten schrikken. Ze vroegen hem te waken bij een lijk in de kerk. Naast de doodskist zat de schoenmaker die nacht zijn werk te doen. Opeens zag hij boven zich een witte gedaante, die zei dat hij in het land der doden was. De schoenmaker vroeg of daar dan ook iets te drinken viel. Op dat moment ging ook het deksel van de kist wat omhoog, en degene die erin lag ging zitten. De schoenmaker ging er naar toe en zei dat iemand die dood is, dood moet blijven. Daarbij gaf hij diegene in de kist met zijn hamer een klap op zijn kop.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 569, verhaal 7
Commentaar
5 januari 1969
A Wood-cutter does not Fear the Dead
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21