Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ057102

Een sage (mondeling), woensdag 22 januari 1969

Hoofdtekst

Op 't Wytfean wenne in feint by de boer. Dy feint strúnde in bult allinne om.
"Jonge," sei de boer us op in kear tsjin him, "dû mast nei it lân ta to dongstruijen."
Dêr lei in hoeke dong fan komsa op dat lân. Sy hienen dagen riden hawn om it dêr to bringen. Nou moest de feint al dy bultsjes út elkoar struije. 't Wie in ein fan 'e plaets ôf.
De boer sjocht út en troch us hoe fier de feint is.
Né, de feint die niks. Hy siet mear hwat to lêzen oan 'e kant fan 'e wâl.
De boer gong nei him ta mei kofje en in stik iten derby. Doe wie dy feint dan bigong to struijen.
De boer sei: "Nou hast hjir de hiele dei op 't lân west, mar nou hast noch mar in mennich heapkes útinoar. Dû kinst moarn opdonderje. Ik wol dy sa net langer ha."
Doe hie de feint syn iten krigen en sein: "Boer, as ik nou goed myn bêst doch, mei 'k dan wol by jo bliuwe?"
"Hwat bidoelstû mei goed dyn bêst dwaen?"
"Nou," sei de feint, "dan ha 'k om seis ûre dien."
Doe hie de boer sein: "Sjoch, dat hwatst biloofste, mast ek dwaen. Mar dit kìnstû net dwaen. Astû dyn bêst dwaen wolste, kinst bliuwe."
"Ik biloof jo, joun om seis ûre, as ik thús kom, leit jou dong út elkoar."
De boer wie fuortgong, 't stik lân del, doe hied er achterom sjoen, doe hie de loft swart west fan 'e âlde roeken. Dy wienen allegear op dat stik lân sitten gong. De boer gong nei hûs.
De jouns seis ûre kom de feint thús. Dy sei: "Ik ha dien, hear boer. Nou matte jo eefkes hinnegean to sjen as 't wol goed is. Hwant ik ha 't sa goed struid, jo hoeve net iens to sleepjen."
Doe koe dy feint bliuwe.
(Dy feint hie in toverboek, dêr siet er in bulte yn to lêzen)



Onderwerp

SINSAG 0750 - Andere Zauberei.    SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   

Beschrijving

Een boerenknecht kreeg de opdracht de mest over een stuk land te verspreiden. Toen de boer tussen de middag kwam kijken hoe het ermee ging, had de knecht nog helemaal niets gedaan. De boer zei dat als hij zo doorging, hij hem zou ontslaan. Maar de knecht beweerde 's avonds alles af te hebben. Toen de boer weer wegging, keek hij nog even om. Hij zag opeens allemaal roeken boven het land. Die avond was inderdaad alle mest verspreid. De knecht had een toverboek, en daarmee kon hij de roeken de opdracht geven de mest voor hem te verspreiden.


Bron

Corpus Jaarsma, verslag 571, verhaal 2

Commentaar

22 januari 1969
Andere Zauberei

Naam Locatie in Tekst

Wytfean    Wytfean   

Witteveen    Witteveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21