Hoofdtekst
In slangekoaning kin fluitsje.
Hjir yn Driemunt leit it Koarige. Dat heart by de van der Kooi's plaetsen. Dêr wie froeger in drintehok.
Der wie in skieppehoeder, dy paste op 'e drinten. Dat wie ien fan 'e Grinzer Pein.
De skiep foarmen ien greate kudde altyd, mar op in kear wienen se ynienen útinoarren roan. Yn 'e midden fan 'e kudde kom in rûm plak. De hoeder kom der by om de skiep wer byelkoar to krijen, mar dat plak bleau dêr. Doe hy nei dat plak ta to sjen. It wienen allegear slangen. Ien wie der by dy wie giel, dy hie in kroantsje op 'e kop. Dat wie de slangekoaning.
Doe sloech de hoeder mei de lange stok op 'e slangen. It hie wimele fan 'e slangen.
Doe wie de giele slange bigoun to fluitsjen, hy hie de sturt yn 'e bek krigen en sa wie it as in hoepel op 'e dyk oan gien.
De oare slangen wienen doe ek yn in omsjoch fuort west.

Onderwerp
SINSAG 1351 - Die Krone des Schlangenkönigs.   
Beschrijving
Een slangenkoning kan fluiten. Een schapenhoeder zag eens al zijn schapen uit elkaar vliegen. In de ruimte die daardoor ontstond, zag de hoeder allemaal slangen. Een van de slangen had een geel kroontje op, dat was de slangenkoning. De herder sloeg toen met zijn stok op de slangen. Toen was de gele slang begonnen te fluiten. Alle slangen namen hun staart in hun bek, en gingen zo als een hoepel op de dijk af.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 571, verhaal 11
Commentaar
22 januari 1969
Die Krone des Schlangenkönigs.
Naam Overig in Tekst
Driemunt   
van der Kooi   
Grinzer Pein   
Koarige   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21