Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ058101

Een sage (mondeling), zaterdag 15 februari 1969

Hoofdtekst

Der kom yn Haulerwyk yn 'e herberch in man, dy bistelde twa buorrels. De kastlein sette twa romers mei jenever foar him op 'e tafel del. Doe nom dy man earst de iene romer, dy rikke er ien ta oer syn linkerskouder hinne, mar net ien koe dyselde sjen. Doe dronk dy man syn eigen romerfol op.
De romer fan de ûnsichtbere nom er wer oan en der kommen twa lege romers op 'e tafel to stean.
Doe bistelde er noch us twa romers jenever. En ek dizze kear rikke er de earste folle romer ien ta, dy't net to sjen wie. Doe dronk er syn eigen romer leech.
Dy oare dy't net to sjen wie, dat wie de kweade.
Letter founen se dyselde man mei de nekke omdraeid op 'e Iener Skâns.


Onderwerp

SINSAG 0922 - Teufel bricht Sünder das Genick.    SINSAG 0922 - Teufel bricht Sünder das Genick.   

Beschrijving

Een man bestelde eens twee borrels in een herberg. Hij dronk zelf het ene glas leeg, en een onzichtbare man dronk het andere glas leeg. Dat was de duivel. Later is de man met een omgedraaide nek gevonden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 581, verhaal 1

Commentaar

15 februari 1969
Teufel bricht Sünder das Genick.

Naam Locatie in Tekst

Haulerwyk    Haulerwyk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21