Hoofdtekst
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne.
Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't glês fan dat jonge minske to mirakeljen en to wapperjen mei it lange swarte kleed. Krekt kom dat jonge minske har man thús mei in kammeraet. Sy wienen togearre út to streupen west. Doe't er yn 'e hûs kom, lei syn frou foar dea. It wiif wie gau útnaeid. De houn hie wylst hyltyd spûkgûld. Doe gong dy man gau nei de pastoar ta. Hy sei, hy koe 't minske noch genêze; dan moesten dy beide buorfroulju der by komme.
De pastoar gong hinne en spuite wijwetter troch de hiele keet hinne. Doe't er bûten kom, wie der in hiele dikke swarte kat ta 't hûs útkom.
Doe de pastoar nei de beide buorfroulju ta. De iene like krekt as wie se dea. Sy wie noch mar krekt wer foroare fan kat yn minske.
Doe't de pastoar by har kom, bisprinkele er har mei wijwetter. Hja kaem by en knapte op. Ek it jonge wyfke dêrneist knapte wer op.
Mar de beide tsjoensters foroaren har letter wer like goed yn in houn of kat.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een man kwam eens thuis en vond daar zijn vrouw dood liggen. Hij ging snel naar de pastoor. Die meende dat de vrouw nog wel tot leven kon komen, omdat ze betoverd was. Beide buurvrouwen – heksen – moesten er dan bij komen. De pastoor sprenkelde wijwater in de kamer. Toen hij buiten kwam, ging er ook net een een dikke, zwarte kat naar buiten. De pastoor ging naar de buurvrouwen. Een van hen lag voor pampus, die was pas net terugveranderd van haar kattenomhulsel. Ook haar besprenkelde de pastoor met wijwater. De beide vrouwen knapten weer op.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 581, verhaal 2
Commentaar
15 februari 1969
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Locatie in Tekst
Grins   
Groningen   
Rotterdam   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21