Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ058103

Een sage (mondeling), zaterdag 15 februari 1969

Hoofdtekst

Wy wienen mei ús trijen as manlju. Wy hienen ús jachtgewearen by ús. 't Wie op 'e Haule, tichte by Waskemeer. 't Wie moai ljochtmoanneskyn-waer. Wy wachten op knyntsjes om dy to snappen.
Tichteby stienen in pear dikke sânbulten.
Ien fan ús trijen hie gjin gewear. Dy sei: "Sjoch ris, sa'n fremd ding."
Der sweefde hwat fan 'e iene bult op 'e oare. 't Wie in great en ljocht ding. 't Like wol in fûgel, mar 't wie wol sa great as in hert.
Ik sei: "Ik wol 't sjitte." Krûpendewei bijoech ik my dy kant út troch de bosk hinne.
Doe skeat ik.
Doe wie 't krekt as woarde de hiele bosk ôfbrutsen. 't Wie ien great stik lawaei achter ús.
Wy binne hurd útnaeid. Hwat it west hat binne wy noait gewaer woarn.
De oare deis ha 'k der hinne west to sjen, mar alles stie der noch krekt sa as doe't wy der kommen.


Beschrijving

Drie mannen waren eens met hun jachtgeweren in het bos, op zoek naar konijntjes. Opeens zagen ze een vogel, wel zo groot als een hert. Een van hen schoot op het dier, en toen was het net alsof het hele bos afbrak, zo'n lawaai ontstond er. De mannen zijn er snel vandoor gegaan. De volgende dag was er niets raars meer in het bos te zien.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 581, verhaal 3

Commentaar

15 februari 1969

Naam Locatie in Tekst

Haule    Haule   

Waskemeer    Waskemeer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21