Hoofdtekst
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?"
Ik sei: "Ik ha gjin sinten."
"Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep.
Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen."
Doe wy der hinne. 't Wie in hiel lyts dinkje, mar o sa fluch.
Doe sei er: "Dêr mast in daelder foar jaen."
Ik nom dy bigge mei en hy kom by my yn 't hok. Doe't ik him sawn wiken hawn hie wie der noch net in striebreed dikker.
Doe kom Romke op in kear by my. Ik sei tsjin him: "It liket my sa ta dat de bigge lytser wurdt. Ik leau, ik slach him dea." Hwant ik hie 't net mear op dy bigge stean.
"Dû koest wol lulk wêze", sei Romke. Ik sei: "Dat bin 'k ek. Dat soe dy ek wol sa gean, astû in bigge hiest dy't net groeije wol."
"Ik jow der dy in daelder foar", sei Romke.
"It giet troch", sei 'k. Hy nom de bigge mei.
Sa'n sawn, acht wike letter kom Romke wer by my. Wy makken in praetsje. Ik sei: "Hoe giet it mei de bigge?"
"'t Giet wol", sei er. "Wolst him wer keapje?"
Ut 'e gek sei 'k: "Itselde jow ik der altyd foar."
"Dan hast gelok", sei er.
Dêr siet ik wer mei dy bigge. Ik hâldde him tiden. Mar hy woarde lytser. It wie net yn oarder mei dy bigge.
"'k Ha wetter yn 'e kop hawn, doe't ik dat ding kocht ha", sei 'k.
Doe stie 'k us in kear mei Wolter to praten. Ik bigong mei him oer dy bigge. "Ik slach him dea", sei 'k, hwant ik hie der skjin myn nocht fan.
Wolter sei: "Lit my dy bigge ris sjen." Doe sei er: "Dy mast net deaslaen. Hy is glêd oer de bealch."
Ik sei: "Hy is foar in daelder to keap."
Wolter sei: "Dan is er foar my."
Wolter Bril kriget dy bigge en nimt him mei.
Mar doe kom op in goeije dei Hindrik Pikelhearring by Wolter.
"Hastû dy bigge fan Bearn nou?" hied er sein. "Hastû him fan Bearn kocht?" En doe hied er lake.
Krekt sawn wiken letter rôp Wolter my. "Bearn," sei er, "ik ha de bigge in flik yn 't ear dien. Pikelhearring hat by my west." "Bearn," sei er, "ried us, hoe swier as er nou is."
Ik sloech de gek der yn en sei: "Seishûndert poun?"
"Né", sei er, dat hellet er net. "Hy weecht fiifhûndert poun. Sûnt de dei dat Pikelhearring der by west hat, groeide er om 't leven."
Pikelhearring hie de bigge bitsjoend, doe't ik him kochte.
Doe't er by Wolter yn 't hok wie hat er him wer omtsjoend. Doe wied er yn sawn wiken tiid fiifhûndert poun.
Sokke kunsten koe Pikelhearring útheve.

Beschrijving
Een man kocht voor een rijksdaalder een big van Hendrik Pekelharing. Maar het dier groeide maar niet. Een andere man wilde de big wel overnemen, en betaalde er ook een daalder voor. Nog steeds groeide het dier niet, en de eerste koper kocht hem terug. Opnieuw wilde de man het dier slachten, omdat het toch niet groeide, toen weer een ander het dier wel wilde kopen. Ook hij betaalde een daalder. Pekelharing kwam toevallig eens bij deze man, en zag dat hij zijn oude big had. Sindsdien groeide het dier als kool. Toen Hendrik de big verkocht had hij het dier betoverd, waardoor het niet groeide. Nu had hij het dier onttoverd, en groeide het wel.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 586, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
7 maart 1969
Naam Overig in Tekst
Hindrik Pikelhearring   
Hendrik Pekelharing   
Wolter Bril   
Hindrik van der Molen   
Bearn van der Woude   
Romke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21