Hoofdtekst
Jan Hepkes sette by 't simmer de marse wolris oan kant. Op in kear soed er oan 't meanen.
Doe't er op it biwuste stik lân kom, tocht er: "hwat is my dàt dêr ûnder it gjers. Krekt as wurdt dêr praet."
Doe wienen dat de wjirms, dy't tsjin elkoar seinen: "Jonges, yn 'e groun, hwant Jan Hepkes sil dit stik lân meane!" sa djip meande er!
Jan bigong to meanen. Om 't hiele stik hinne.
Sa kom er 't stik lân yn 'e rounte. Sa komt er wer oan 'e dam ta, mar hy meant troch.
Under 't swaeijen mei de seine wei hie 't dêr hwat hekke. Hy meande troch. Doe hied er strike sild, hwant hy tocht: "Krekt as bliuwt der wol us in raeike stean en dat wol 'k net." Hwant men sei, de raeijen dy't stean bleauwen, dêr waerd de mier oan ophinge.
Doe hie Jan syn seine bisjoen en doe hie dêr in skut út west. Jan soe nei 't harspit ta om dat wer hwat by to tikjen. Mar hy komt by syn harspit en dan sjocht er dat er de kop der ôfmeand hat.
Dêr hie 't even troch hekke.

Onderwerp
VDK 1888A* - De kop van het haarspit afgemaaid   
Beschrijving
Jan Hepkes hoorde eens de wurmen spreken. Ze zeiden tegen elkaar dat ze de grond in moesten, omdat Jan Hepkes ging maaien. Hij maaide toen zo hard, dat hij – zonder dat hij het door had – het haarspit van de zeis afmaaide.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 589, verhaal 5
Commentaar
29 januari 1969
De kop van het haarspit afgemaaid
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21