Hoofdtekst
Op it Fean by de Feike-draei, mei dikke Feike, de fearskipper der by wie Jan us wer oan 't fortellen.
Hy hie by in boer it meanen dien, doe soe er nei hûs ta. Hy hie de fuorring om 'e seine hinne. Hy wie ûnderweis nei de Feanster boat en dan nei hûs.
Doe hie der in boer oan him roppen.
't Wie al middei en hy moest om healweifiven to Ljouwert op 'e boat wêze, hwant dan farde dy nei 't Fean ta.
Dy boer sei: "Hwat sil Jan?"
"Ik gean nei hûs," sei Jan, "hwant ik ha 't wurk dien."
"Och God Jan," sei de boer, "hjir stiet noch oardel pounsmjit op stannen, kinne jo dat earst ek noch meane?"
"Och," sei 'k, "wy binne yn 'e wereld om elkoar to helpen. Mar ik mat om healweifiven op 'e boat wêze, dêr matte jo wol om tinke."
"Dat," sei Jan, "ik goaide myn blauwe pûde yn 'e wâl del en tochte: "Mar net harje, hast it wol oan 'e lea."
Ik striek myn seine. En ik haw it mêd der even ôfmeand.
"Healweifiven," sei er, "siet ik wer op 'e boat by in bakje kofje."

Beschrijving
Een maaier was klaar met zijn werk en onderweg naar zijn boot, toen een boer hem vroeg nog wat voor hem te doen. Dat wilde de maaier best, zo lang hij nog maar op tijd klaar zou zijn om zijn boot te halen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 589, verhaal 6
Commentaar
29 januari 1969
Naam Overig in Tekst
Fean   
Feike-draei   
Jan   
Naam Locatie in Tekst
Veen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21