Hoofdtekst
Der wie in pastoar, dy stie op in snein-to-moarn yn 'e preekstoel, en dy sei: "Och, och, hwat krije wy noch in rare tiid. Wy sille neaken rinne en wy sille gjers ite, sa'n earmoedige tiid komt der."
Dat hearde in boer, dy sei: "Dat sil ik moarnmoarne fuort ris bisykje, dan wol ik ris sjen hoe't my dat foldocht en as ik dêr oan wenne kin." Hy sei it tsjin 'e pastoar en dy soe der ek by wêze.
De moandeimoarns, dêr kom de pastoar al oan. As de boer him oankommen sjocht, klaeit er him gau út en giet krekt as in koe yn 't lân stean op hannen en fuotten en fret gjers. De pastoar sjocht him dêr en freget: "Nou, hoe giet it?"
"Och," seit de boer, "dat gjersiten en dat foaroerstean dat giet wol, mar myn sturtsje is to koart, ik kin der de miggen net mei fan 'e rêch slaen."
"Ja," seit de pastoar, "dêr kin ik jo ek net ta helpe."

Beschrijving
Een pastoor staat op een zondagmorgen in een preekstoel en zegt dat ze een rare tijd krijgen. Ze zullen naakt lopen en gras eten. Een boer besluit het de volgende dag te proberen om te kijken hoe het bevalt. De pastoor komt kijken en als de boer hem ziet kleedt hij zich uit en gaat als een koe gras eten. Het bevalt wel maar zijn staart is te kort om de muggen van zich af te slaan. Daar kan de pastoor niets aan doen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 603, verhaal 2
Commentaar
20 maart 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21