Hoofdtekst
It wie in hiel droech jier. Der groeide binei neat. Der wie in boer, dy hie dêr gâns skea fan. Hy sei tsjin 'e frou: "Wy gean faillyt. De beesten jowe neat mear. Ik ha net in raeike mear op 't lân stean, dat ik gean moarn nei stêd ta en forkeapje it fé."
De boer kom yn Ljouwert. Doe stie dêr in joad op 'e merk, dy hie kokusnuten to keap. De boer hie noch noait sokke dingen sjoen.
"Hwat hawwe jo dêr?" frege er oan 'e joad.
"Dit binne oaljefantsaeijen", sei de joad.
"Hwat kostje dy?" frege de boer.
"Twa foar in goune", sei de joad.
De boer sei: "Hwat mat ik der mei?"
Doe sei de joad: "Ik hearde, jo ha 't wol oan tiid. Nou, jo matte fjouwer wiken op dizze oaljefantsaeijen sitten gean yn 't hea. Jo matte de beide broeken útdwaen en in gatsje yn 't hea meitsje, hwant it mat goed waerm wêze. Sa matte jo se útbriede."
"Mar hwat mat ik der mei?" frege de boer.
"Hwat jo der mei matte? As de beiden út komme ha jo twintichtûzen goune fortsjinne. Komt der ien út, dan tsientûzen."
"Hoe wurd ik se kwyt?" frege de boer.
"Jo kinne se kwyt as aeijen út 'e koer", sei de joad. "Alle dieretunen hjir yn Nederlân wolle se graech keapje."
De boer komt thús by de frou en lit de beide kokosnuten sjen.
"Hwat hast dêr?" freget de frou.
"Wy kinne wer gelokkich wurde, al ha wy dan in droege simmer."
En doe fortelde er hwat de joad sein hie.
"Liket it dy net hwat ta?" sei er.
"Ja", seit de frou.
De boer makket in gat yn 't hea, strûpt syn beide broeken út en giet sitten to brieden. Fjouwer wiken.
Doe sei de frou tsjin 'e faem: "Wolst wol gelove dat it niks wurdt." De frou gong nei 't hea ta.
"Hoe is 't, is der al hwat?"
"Né," sei de boer, "der is noch niks."
De frou giet wer nei de faem ta. "Dit wurdt niks", seit se tsjin har.
"Né?" seit de faem.
"Né", seit de frou.
"Dan sil ik der hinne", seit de faem.
Sy giet nei 't hea ta en seit tsjin 'e boer: "Jo matte jo in bytsje oplichte, dan sil ik us fiele as der al hwat is."
"Dat kin wol", seit de boer en hy jowt him in bytsje oerein.
De faem taestet en seit: "Och heden, de iene oaljefant komt der al út, ik haw him by de slurf beet."
Sy komt hurd yn 'e hûs en seit: "Och frou, och frou!"
"Hwat is der, leave bern?" seit de frou.
"Och frou," seit se, "de iene komt al út."
"Hoe wytstû dat?" freget de frou.
"Och frou," sei se, "ik ha ûnder 'e boer field en ik hie him al by 't slurfke beet."
In skoft letter kom de boer yn 'e hûs.
"'t Wurdt neat", sei er.
"En nyskes dan?" sei de faem.
"Dû hast it forkeard sjoen, bern. Dû hiest my by 't slurfke."

Onderwerp
AT 1319 - Pumpkin Sold as an Ass's Egg   
ATU 1319 - Pumpkin Sold as an Donkey’s Egg   
Beschrijving
Het is een slecht droog jaar en een boer is genoodzaakt zijn vee te verkopen op de markt. Op de markt in Ljouwert staat een Jood met kokosnoten die de boer wijsmaakt dat het olifanteneieren zijn die veel geld opleveren als ze door de boer worden gebroed gedurende vier weken. Vervolgens kan hij de dieren verkopen aan een Nederlandse dierentuin. Na vier weken is er geen resultaat en als zijn vrouw gaat voelen of er al schot in komt zegt ze een slurf vast te hebben. Die is niet van een olifant maar van de man zelf.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 603, verhaal 6
Commentaar
20 maart 1969
Pumpkin Sold as an Ass's Egg
Naam Overig in Tekst
Jood   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Nederland   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21