Hoofdtekst
"Oer moesplanten praet," sei Jan, "dêr kin 'k ek hwat fan sizze. Ik hie in kear moesplanten boud; fuort dêrnei rekke ik nei de klaei ta achter Ljouwert by in boer to meanen. Doe't dat dien wie kom ik werom. Ik roan oer Burgumerheide en Jistrum en woe sa op hûs yn. Stadichoan kom ik tichter by 't Fean.
Mar doe op in gegeven momint tocht ik: Bin ik wol op 't goeije paed? Hwant ik seach ynienen de Stienzer bosk foar my.
Ik tocht nou mat ik mear nei rjochts oanhâlde, oars kom ik yn Stiensgea. Ik die it, mar doe ha 'k my hielendal forroan. Doe kom ik der net.
Wiste hwat ik foar de Stienzer bosk oansjoen ha? Myn hoekje moes. Sa kolossael great wie dat woaarn!"
Onderwerp
AT 1960D - The Great Vegetable   
ATU 1960D - The Great Vegetable.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Burgumerweide   
't Fean   
Naam Locatie in Tekst
Jistrum   
Heerenveen   
Stienzerbos   
Stiensegea   
Bergumerheide   
Augustinusga   
Stiensebos   
