Hoofdtekst
Der wie in pastoar, dy hie in húsknecht en in húshâldster.
De pastoar koe net fan 'e húshâldster ôfbliuwe en op in kear doe gebeurde it dat de húsknecht harren oer 't mad kom.
De húsknecht fortelde de pastoar hwat er sjoen hie.
Doe sei de pastoar tsjin him: "Astû dy stil hâldst silst in nije broek fan my ha." Dat wie de húsknecht goed.
In dei of hwat letter, doe siet de húsknecht boppe yn 'e linebeam. De pastoar komt der oankuijerjen mei de húshâldster.
Krekt ûnder 'e beam, dêr't de húsknecht yn sit, bliuwe se stean. Dêr giet de pastoar op 'e húshâldster lizzen.
Doe sei de húshâldster: "Dit kin net, as der ris hwat fan komt!"
De pastoar seit: "Dêr rêdt dyselde wol mei dy't dêr boven is. Dy soarget der wol foar."
Mar dy út 'e beam ropt: "Dat forpof ik, hear! Foar ien broek!"

Onderwerp
AT 1355C - The Lord Above Will Provide   
ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.   
Beschrijving
Een pastoor heeft een huisknecht en en huishoudster. Hij kan niet van haar afblijven en de knecht ontdekt dit. In ruil voor een nieuwe broek zal de knecht zijn mond dichthouden. Een paar dagen later zit de knecht bovenin de lindeboom waar de pastoor het met de huishoudster wil gaan doen. Op haar geprotesteer wat er van komen kan zegt de pastoor dat de heer erboven er wel voor zorgt. De knecht denkt dat het tegen hem gericht is en zegt dat hij dat vertikt voor een broek.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 610, verhaal 21
Commentaar
19 januari 1969
The Lord Above Will Provide
Naam Overig in Tekst
Heer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21