Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ061207

Een mop (mondeling), donderdag 06 maart 1969

Hoofdtekst

It is sahwat in hûndert jier lyn, doe gong myn pake nei de Grinzer klaei ta to sichtsjen. Hja roannen oer Visvliet en moesten it tsjerkhôf foarby, dêr't it altyd spûke. Pake Klaes wie nergens bang foar en lake om spûkerij. Mar de measte oaren doarsten dêr net lâns.
Doe wienen der guon fan syn maten, dy seinen: "Wy sille Klaes us in kear to pakken ha. Wy sille him us goed bang meitsje. Sy gongen yn Visvliet by de yngong fan 't tsjerkhôf stean, krekt op it plak, dêr't it altyd sa spûke, nei 't se seinen. It wie de biruchte spoekhoeke.
't Wie skimerich. Pake Klaes moest dêr lâns. Hy wie der oan ta, doe seach er dêr twa persoanen boppe op elkoar stean.
"Nou, nou," sei er, "dit is wol hwat wonderlik. Ik ha wolris twa op elkoar sjoen, mar noch noait gjin trije."
De beide maten joegen in pear gjalpen en setten sok, sa hurd as se mar koenen. Hwant sy tochten, dat dy trêdde de duvel wie. Dit is echt gebeurd yn Visvliet.


Onderwerp

VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop    VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   

ATU 1676 - The Pretended Ghost    ATU 1676 - The Pretended Ghost   

sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"    sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"   

Beschrijving

Vader Klaes gaat naar de Groninger klei toe en rent via Visvliet. Hij moet ook langs het kerkhof waar het altijd spookt, maar hij is niet bang en lacht erom. Vrienden willen hem een te pakken nemen en gaat boven elkaar bij de spookhoek staan. Als Klaes er twee mensen op elkaar ziet staan, zegt hij dat hij nog nooit drie mensen op elkaar heeft zien staan. Ze denken dat de duivel ook bij hen staat en rennen hard weg.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 612, verhaal 7

Commentaar

6 maart 1969
Spookspelen: twee witten met een zwarte erop

Naam Overig in Tekst

Klaes    Klaes   

Visvliet    Visvliet   

Naam Locatie in Tekst

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21