Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ061208

Een mop (mondeling), donderdag 06 maart 1969

Hoofdtekst

Yn 'e Feansterfeart lei us in skipper, dy krige sa nou en dan in triuwke tsjin 't skip oan. "Hwat kin dat wêze", sei er tsjin Jan Hepkes.
"Dat sil 'k jo gau sizze, jonge," sei Jan Hepkes, "dat hat dy snoek west. Net ien dy't dy snoek fange kin. In hiele protte ha al prebearre him to pakken to krijen, mar it tou hâldt it noait." Doe sei de skipper: "Ik ha noch in sterk line."
"Dû bidoelst tink de line, dêr't it wiif yn lûkt, mar dy kin 'k net ha, dat jowt dy niks", sei Jan Hepkes.
"Né," sei de skipper, "ik bidoel in tros, ik ha in goeije tros."
"En," fortelde Jan, "ik stapte by de man oan board en doe lei dêr op it dek sa'n moai lyts ankerke. Dat ha wy bislipe en dat dienen we oan 'e tros. Doe hienen wy in moaije heak. Dêr dienen wy in deade hin oan en doe de tros yn 't wetter. Mar hwer moest dy tros oan fêst? Dat wie de swierrichheit. Wy wisten it net. Doe krige ik in helder ogenblik. Oan 't keldersfinsterke! Dêr sieten stevige izeren spilen yn. Dêr boun ik de tros goed oan fêst.
De oare moarns gong 'k ier en bitiid fan bêd ôf. En hwat tochten jo - dêr dreau it kelderskezyntsje yn 'e feart.
Ik der achteroan mei 't boatsje, mar de snoek gong de feartswâl del en de Boukewyk del, op nei de Wide Pet, en wy ha him noait wer sjoen. 't Keldersfinsterke ek net."
Dit hat Jan Hepkes my sels forteld op 'e Feike-draei.



Onderwerp

AT 1960B - The Great Fish    AT 1960B - The Great Fish   

ATU 1960B - The Great Fish.    ATU 1960B - The Great Fish.   

Beschrijving

In Veenstervaart ligt een schipper, wienst boot af en toe een duwtje krijgt. Jan Hepkes zegt dat het de snoek is die niet te vangen is. Ze besluiten de het anker aan de tros te bevestigen. De tros wordt aan het keldervenster vastgemaakt. De volgende dag drijft het keldervenstertje in de vaart en Jan volgt de snoek van de waterkant, die daarna de Boukewyk op gaat naar de Wide Pet en nooit meer terugkomt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 612, verhaal 8

Commentaar

6 maart 1969
Bij Van der Kooi meer specifiek: The Great Fish 8 : De snoek en het kozijn.
The Great Fish

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Veenstervaart    Veenstervaart   

Wide Pet    Wide Pet   

Naam Locatie in Tekst

Feansterfeart    Feansterfeart   

Boukekwyk    Boukekwyk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21