Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ061209

Een mop (mondeling), donderdag 06 maart 1969

Hoofdtekst

Jan Hepkes die altyd handel mei in joad. Sy gongen altyd togearre fuort. En doe wie der op in kear in bêste slach to slaen.
Mar al hwa't opdaegjen kom, de joad net. Op 't lêst gong Jan Hepkes nei him ta. Hy sei tsjin 'e joad: "Jonge, dû soest komme, hwer bliuwst doch?"
"Ja jong," sei syn maet, "myn frou krijt in poppe en dat giet sa dreech. Dêr wachtsje wy hyltyd op. Fan fan 'e moarn bitiid ôf al. Dat dokter sei, ik moest noch mar even geduld ha." "Sadwaende gong ik wer nei hûs ta," sei Jan, "en ik wachte."
It duorre in pear dagen. De dokter seach noch altyd gjin kâns om 't foarinoar to krijen.
Doe sei Jan tsjin 'e joad: "Kinstû 't sels net foarinoar krije? Dû wyst oars altyd oeral ried op."
"Né," sei syn maet, "hjir wyt ik gjin middel foar."
"Nou," sei Jan, "dan sil ik dy helpe en as it in echten is, dan is hy der ogenblikkelik."
Jan sei: "Ik krige in ponkje út 'e bûse, dêr sieten in mennich ryksdaelders yn en dêr bigong ik mei to rinkeljen by 't bêd.
En doe rôp ik: - Moosy, kom uit! Er is handel! -
En foar jy 't tinke koenen, dêr kom Moosy to foarskyn, hwant it wie in echten."

Beschrijving

Jan Hepkes handelt altijd met een Jood en als er een keer een slag te slaan is, komt de Jood niet. Zijn vrouw verwacht een kind en na een paar dagen vraag Jan of de Jood het zelf niet kan doen. Jan biedt aan te helpen en rinkelt met een bus vol muntgeld bij het bed en roept: Moosy komt er uit. Er is handel. De baby komt meteen tevoorschijn.




Bron

Collectie Jaarsma, verslag 612, verhaal 9

Commentaar

6 maart 1969

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Jood    Jood   

Moos    Moos   

Moosy    Moosy   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21