Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ061715

Een sage (mondeling), donderdag 20 maart 1969

Hoofdtekst

Beppe roan mei de bolkuorren foar Klaes Hellinga. Dat hat se oan har fiifen tachtichste ta folhâlden.
Klaes Hellinga hie in dochter yn 'e hûs, dy wie bitsjoend.
Doe fregen dy minsken beppe of hja wol foar dy dochter nei Jistrum ta woe nei 't boerke om guod op to heljen foar dy dochter. Hwant dy man koe wol sjen hwat it bern mankearde. Beppe koe der in deihier mei fortsjinje en nom it mei graechte oan. Doe sei dat boerke tsjin beppe: "Jo meije tsjin net ien hwat sizze. Jo krije in fleske mei guod. Doch dat nou yn 'e bûsdoek en draech it sa yn 'e hân. Hwant jo matte noch in hiel ein rinne hjirwei. Jo kinne wolris hwat treffe ûnderweis. Tink der om, hwat jo by jo ha, dat is in spul, dat matte jo net ien sjen litte. Dat mat geheim bliuwe."
Beppe sei: "It wie al tsjuster doe't ik omtrint oan 't Fean ta wie. Doe stapte der hwat achter my oan, dat koe 'k net sjen. Mar ik koe 't wol hearre.
En dat bitaestte my alhielendal. Doe bin 'k hurd ôfset.
Ik kom feilich mei 't drankje by Klaes Hellinga."
It bern woarde fan stounen oan better. 't Is hielendal wer opknapt.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Oma loopt met de broodkar voor Klaes Hellinga. Zijn dochter is behekst en oma wordt gevraagd voor hun dochter naar Jistrum te gaan om wat op te halen voor het kind. Ze wordt er goed voor betaald, maar ze mag het tegen niemand zeggen en moet het flesje in een zakdoek gewikkeld in haar hand houden zonder het aan iemand te laten zien. Bij Heerenveen hoort ze iemand achter zich aankomen in het donker, die haar overal betast. Oma loopt hard weg. Het kind geneest van het drankje.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 617, verhaal 15

Commentaar

20 maart 1969
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Klaes Hellinga    Klaes Hellinga   

't Fean    't Fean   

Naam Locatie in Tekst

Jistrum    Jistrum   

Heerenveen    Heerenveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21